Ferkearspark Assen krijt twadde libben yn Appelskea

It ferkearspark yn Assen ferhuzet nei Appelskea. Eigener Herman Jaspers, ek eigener fan Duinen Zathe yn Appelskea, hat ynvestearders fûn om it park nij libben yn te blazen. Dat is de Bikkel Groep wurden.
Om't de grûn fan it âlde park yn Assen in oare bestimming krijt, wurdt it ferkearspark nij libben ynblaasd yn Appelskea. De earste sketsen dêrfoar lizze der al. De traapauto's fan it ferkearspark binne bewarre bleaun en wurde op it stuit opknapt.
Dizze hjerst wurdt begûn mei de oanlis fan it ferkearspark yn Appelskea, takom maitiid moat it park iepenje foar publyk.