Konflikt tusken Ljouwerteradiel en Rijff rint op

De spoarfyts op in stikje proefrails © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
De gemeente Ljouwerteradiel is tongersdei foar de Ried fan Steat út de slof sketten tsjin spoarfyts-inisjatyfnimmer Chris Rijff. De opmerking fan Rijff dat de gemeente gjin inkeld middel út de wei giet, ek gjin persoanlike, om syn spoarfytsbaan tsjin te hâlden, foel folslein ferkeard by Ljouwerteradiel. "Dit wordt echt te gortig", sa sei de gemeentewurdfierder. Hjirnei makke de Ried fan Steat fluch in ein oan de sitting.
Ljouwerteradiel wie nei de Ried stapt om in útspraak fan de rjochtbank te ûntwiken. Dy bepaalde yn april dat de gemeente de fergunningsoanfraach fan de Noord Friesche Lokaal Spoorwegmaatschappij behannelje moat. Rijff is dêr foarsitter.
Fyts- en kuierpaad
Rijff besiket in spoarfytsbaan fan fjouwer kilometer oer it âlde trajekt fan it Dokkumer Lokaaltsje fan de grûn te krijen. De gemeente, dy't eigener fan de grûn is, hat lykwols plannen foar in eigen fyts- en kuierpaad wêrtroch foar in spoarbaan gjin plak mear is.
Fergunning
Ljouwerteradiel hat harsels koartlyn hjirfoar in fergunning jûn. Neffens Rijff leit de gemeente mei opsetsin dwers. De Ried fan Steat moat besjen oft de gemeente de fergunningsoanfraach fan de Noord Friesche Lokaal Spoorwegmaatschappij behannelje moat. De grûn is yn hannen fan de gemeente, en dy wol net meiwurkje, sa seit de Ried fan Steat. Neffens de gemeente is de fergunningproseduere in lang en nutteleas trajekt. It fyts- en kuierpaad moat op 1 jannewaris al klear wêze.
De útspraak fan de Ried fan Steat is oer trije wiken.