Rjochter: Hendrik Algrawei mei net ôfsletten wurde

De Hendrik Algrawei tusken Goutum en Boksum mei net ôfsletten wurde. Dat hat de rjochter freedtemiddei yn in spoedsitting besletten. De gemeente Ljouwert hie it sa gau as mooglik slute wollen om't de dyk har haadfunksje nei 2014 kwytrekke is troch de oanlis fan de Heak en de westlike ynfalsdyk. Foar de gemeente betsjut de útspraak in grute tebeksetter, want dy hat allegear plannen mei de dyk. Sa soe mei in ôfsluting romte komme foar de bou fan it stedsdiel De Zuidlanden en it Frysk Lânboumuseum. Dêrneist wol de gemeente de dyk brûke as parkearplak foar 1500 auto's mei grutte eveneminten fan Kulturele Haadstêd.
Troch ûnder oare it autoskeabedriuw Posthuma wie beswier makke tsjin it ôfsluten fan de dyk. Neffens ûndersyk fan saakkundigen soe sluting fan de dyk 4,9 miljoen euro skea foar it bedriuw opsmite. No ride deis noch 5.300 auto's oer de dyk. Se binne dan ek bliid mei de tydlike skorsing.
Tsjinstanners fan de sluting, lykas Posthuma, hawwe no seis wiken de tiid om mei beswieren te kommen wêrom't de dyk ek yn de takomst net ôfsletten wurde moat. De gemeente moat alle belangen fan de tsjinstanners goed yn kaart bringe en foar oplossingen soargje, wolle se de dyk echt ôfslute meie.