Plan om swimbad De Koemen yn Harns werom te krijen

It is mear as 20 jier lyn dat Harnzers swimme koene yn it iepenloftswimbad 'De Koemen'. Yn 1995 goaide de gemeente it ticht, om't it te djoer wie. Sûnt dy tiid is der neat bard oan it terrein, dat neist de Waddenhal leit. Nettsjinsteande de minne tastân fan it gebiet, libje der yn Harns plannen om op it plak fan De Koemen op 'e nij in swimbad te iepenjen. Mar dan moat der noch wol hiel wat barre.