Fynmealde spikerbroeken brûkt foar isolaasje nij gebou

De gemeente Eaststellingwerf siket âlde spikerbroeken. Dy binne bedoeld om in nij gebou op it Ecomunitypark yn Easterwâlde mei te isolearjen. Freed giet de earste peal fan it gebou de grûn yn. It giet om it Biosintrum, dêr't MKB-bedriuwen dy't mei duorsumens, sirkulêre ekonomy en natuerlike materialen oan de slach wolle, keppele wurde oan skoallen en studinten út it middelber ûnderwiis dy't dêr ek mei dwaande binne. Op it sintrum is in coach beskikber dy't de partijen byelkoar bringe kin.
It Biosintrum wurdt safolle as mooglik oplutsen út natuerlike materialen dy't yn de takomst opnij brûkt wurde kinne. De spikerbroeken binne dêr in foarbyld fan. De spikerbroeken wurde ynsammele yn konteners op strjitte en op ferskate plakken yn iepenbiere gebouwen en winkels. It sintrum moat ein 2018 klear wêze. Boukonsortium Natuurlijk Bouwen, dat bestiet út trije partijen, is ferantwurdlik foar de bou.